Lêste radiomaraton fan Krystteam Tsjom

It Krystteam yn Tsjom hâldt op mei de jierlikse radiomaraton. Dit jier wie de tsiende en lêste kear. Fan 22 desimber oant sneintejûn seis oere hawwe ferskate radiopiraten oan ien tried wei radio makke.
Ien fan 'e doelen fan'e radiomaraton is it ynsammeljen fan jild foar in goed doel. Ferline jier hawwe se dêrmei 17,5 tûzen euro ophelle. Dit jier lei it bedrach heger, want it is 25 tûzen euro wurden. Dat waard snein oan 'e ein fan de middei bekend makke.