Ziggo-abonnees moatte radio en tv opnij ynstelle

De televyzjes fan Ziggo-abonnees yn Nederlân gean fan 5 jannewaris ôf geandewei op swart. Nei de radio harkje oer de kabel kin dan ek net mear. Ziggoklanten moatte de televyzje en radiokanalen wer opnij ynstelle, want Ziggo smyt de lapen gear mei UPC. De netwurken fan beide bedriuwen moatte dêrom opelkoar ôfstimd wurde.
De sawat 13.000 Ziggoklanten fan De Gordyk en omkriten binne op 5 jannewaris as earste oan bar. Streek foar streek folgje dêrnei alle oare abonnees. Op 19 maart binne alle Ziggoklanten oer.