Pinautomaten Rabobank reitsje leech

28 des 2014 - 13:20

By hieltyd mear jildautomaten fan de Rabobank kin net mear pind wurde, omdat se leech binne. De bank makke sneintemiddei bekend dat yn hiel Nederlân ien op de tsien automaten bûten gebrûk is. As it lanlike sifer ek foar Fryslân jildt, dan giet it hjir om tritich lege jildautomaten.

De pinautomaten fan de bank wurde troffen troch in aksje fan meiwurkers fan jildtransporteur Brink's dy't sneon begûn is. De jildautomaten wurde net mear byfold út protest tsjin it ûntslach fan seishûndert fan de tûzen meiwurkers.

Trefwurden: 
Rabobank jildautomaat Brink's
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)