Bewenner triuwt oerfaller de doar út

Lambert Jacobszstrjitte yn Ljouwert © Google Street View
Yn Ljouwert is sneontejûn besocht om in wenning oan de Lambert Jacobszstrjitte te oerfallen. De oerfaller belle om sawat tsien minuten foar achten oan. De bewenner (55) fan it hûs soe de doar iependwaan, mar herkende de oerfaller. Dy hie alris earder besocht by him yn te brekken. De bewenner treau de oerfaller de doar út. De oerfaller draafde fuort yn de rjochting fan it Fliet. Fierderop yn de strjitte stie in man dy't ek útnaaide.
Plysjeminsken hawwe noch socht yn de buert, mar se hawwe de oerfallers net mear sjoen.