Ynsittenden springe yn sleat by achterfolging

© ANP
Yn Easterein hat de plysje sneintemoarn betiid in auto achterfolge neidat de bestjoerder in stopteken negearre hie. Om in oere of fiif woe de plysje in 21-jierrige man út Littenseradiel oanhâlde, mar dy ried troch. By de sporthal yn it doarp rekke de auto stikken.
De fjouwer of fiif ynsittenden stapten gau út en sprongen yn in sleat om oan de plysje te ûntkommen. De plysje wit wa't de bestjoerder is en sil dêr letter noch op weromkomme.