Sjitynsidint yn Heechterp-Skieringen Ljouwert

Yn in portykflat yn de Essenstrjitte yn de wyk Heechterp yn Ljouwert hat sneintemoarn om in oere of seis in sjitynsidint west. Dêrby is in man ferwûne rekke. Hy is nei it sikehûs brocht, mar is bûten libbensgefaar.
Buertbewenners hearden rûzje en in lûde knal, en se warskôgen de plysje. Doe't dy kaam fûnen se in bloedspoar en in lege huls, mar gjin slachtoffer. Dy wie yntusken al nei it sikenhûs brocht troch in freon. Wat der krekt bard is, is noch in riedsel.
De plysje docht ûndersyk yn de Essenstrjitte. It slachtoffer sil letter heard wurde.