Jieroersjoch 2014: de nijstop 10 fan septimber

28 des 2014 - 07:30

Noch in pear dagen en dan is it alwer 2015. Heech tiid om werom te sjen op it belangrykste, aardichste en opfallendste nijs fan 2014. Oant en mei 31 desimber pleatse wy alle dagen in Top 10 fan in moanne, makke op basis fan meast lêzen berjochten op omropfryslan.nl en de apps. Hjoed it nijs fan de moanne septimber.

1. 18-jierrige Jorwerter komt om by ûngelok

Grut fertriet yn Jowert as in 18-jierrige jonge út it doarp om it libben komt by in ûngelok. It slachtoffer sit yn in auto mei fjouwer oare jonges fan tusken de 15 en 18 jier as se op in dearinnende dyk tsjin in beam boste. In 16-jierrige jonge sit achter it stjoer en naait nei it ûngelok út. Fanwege it ûngelok wurde ferskate foarstellings fan it iepenoftspul ôfsein.

2. Grutte skea troch brân by fiskferwurkingsbedriuw Lauwerseach

In grutte brân soarget foar in soad skea by Sterkenburg Vis en Garnalen yn Lauwerseach. Mei-inoar bestride sa'n 60 brânwachtminsken fan ferskate korpsen it fjoer. Se kinne net foarkomme dat it gebou dêr't de fisk ferwurke wurdt folslein útbaarnt. Ek it njonkenlizzende reustaurant rint in soad reek- en wetterskea op. De Dag van de Garnaal wurdt fanwege de brân skrast. De oarsaak blykt in technysk mankemint te wêzen.

3. Plysje set mei alve auto's en twa motors de achterfolging yn

By in wylde efterfolging wurdt yn Akkrum in auto klemriden. De auto wurdt fan Drachten nei Akkrum achterfolge troch ferskate plysje-auto's, der dogge seker alve plysje-auto's en twa plysjemotoaren mei oan de achterfolging. De bestjoerder wit út te naaien.

4. Fytstocht troch greiden, fjilden en kowestâl

In wol hiel bysûndere alvestêdetocht yn septimber. Sa'n 180 mountainbikers fytse yn trije dagen it MTB-maratonparkoers fan 440 kilometer troch greiden, fjilden en sels troch twa kowestâlen. Foar de tocht moast al tastimming frege wurde oan 200 lâneigeners oft it peloton ek by harren oer it lân hinne mocht.

5. 14-jierrige fuotballer op skoalle mishannele fanwege fuotbalwedstriid

In 14-jierrige jonge fan It Hearrenfean wurdt op it Kingcollege mishannele nei oanlieding fan in fuotbalwedstriid tusken DWP B1 út Sint-Jânsgea en Nijskoat B1. De wedstriid rint twa dagen earder út op in skoppartij. It slachtoffer, in spiler fan DWP, soe doe al bedrige wêze. 'We gaan je pakken op school', waard sein.

6. Aart Staartjes falt by snoeiwurk

Akteur Aart Staartjes fan Sesamstraat rekket ferwûne yn syn wenplak Dronryp. Staartjes wie yn syn achtertún dwaande mei it snoeien fan in beam doe't er fan in keukentrepke foel. De helptsjinsten rukten fuort út, mei ûnder oare ek in traumahelikopter.

7. Boalserter TinQ-pomp ferwikselet brânstof

By tankstasjon TinQ yn Boalsert bedarret disel yn de benzinetank. In soad auto's hawwe dêrtroch skea oan de motor, omdat de bestjoerders de ferkearde brânstof tanke. It tankstasjon giet tydlik ticht foar ûndersyk.

8. Súdwesthoeke kampt mei mûzepleach

Boeren yn grutte parten fan de Súdwesthoeke hawwe te krijen mei slimme oerlêst fan mûzen. En dat liedt ta grutte skea foar de boeren. It giet rûchwei om lân by Koufurderrige en Wâldsein oant en mei De Lemmer. Mûzen frette de woartels fan it gers en grave gongen. Dêrtroch komt der folle minder gers fan it lân.

9. Stjoerflater: marineskip sit fêst by Ofslútdyk

In lâningswein fan de marine rekket fêst op de pier by Breesândyk by de Ofslútdyk. De wein is mei floed de steile pier opfearn en dêrtroch leit it mei it achterste part op de stiennen. Oan board binne mariniers yn oplieding. It skip wurdt pas fjouwer dagen letter wer los takele.

10. 250 man fan Ljouwerter fleanbasis nei Irak

De Ljouwerter fleanbasis leveret 250 militêren foar de IS-missy nei Irak. Boargemaster Crone fan Ljouwert is grutsk dat de Fleanbasis Ljouwert meidocht. Hy fynt dat de famyljeleden fan de militêren alle stipe en begryp fan de minsken derom hinne krije moatte, want de missy is gefaarliker as foargeande.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)