200 Klachten út Fryslân oer fjoerwurkoerlêst

27 des 2014 - 16:14

By it Meldpunt Fjoerwurkoerlêst fan GrienLinks binne oant no ta goed twahûndert klachten út Fryslân binnenkaam. Dat binne likernôch twa persint fan alle lanlike meldings. De lanlike teller stie sneontemiddei om healwei trijen op goed 10.000. Koprinners binne oant no ta de regio's Rotterdam en Amsterdam mei 1800 oant 1400 meldingen.

Neffens GrienLinks binne der hieltyd mear minsken dy't argewaasje hawwe fan fjoerwurk dat te betiid ôfstutsen wurdt. De partij fynt dat de lanlike oerheid te min docht tsjin fjoerwurkoerlêst.

Mei de site vuurwerkoverlast.nl wolle de inisjatyfnimmers it probleem yn kaart bringe. De meldings wurde ferwurke yn in rapport dat begjin takom jier oanbean wurdt oan de Twadde Keamer en oan fyftjin boargemasters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)