Pleats Grutte Pier wurdt neiboud fanwege betinking De Brân

27 des 2014 - 15:20

Bûten Kimswert op in boerepleats binne bouwers begûn mei it ynelkoar setten fan in tradisjoneel langhûs. It giet om in soarte fan replika fan de pleats fan Grutte Pier. Op 29 jannewaris wurdt de neiboude pleats yn de brân stutsen as ûnderdiel fan it keunstprojekt De Brân. Dan wurdt stilstien by it feit dat fiifhûndert jier ferlyn Grutte Pier yn ferset kaam neidat syn pleats yn de brân stutsen waard.

De bouploech is no drok dwaande yn de skuorre fan boer Jan Braaksma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)