Dokterwacht: belje inkeld as it net langer wachtsje kin

De Dokterswacht ropt minsken op allinnich te beljen as it om in gefal giet dat net wachtsje kin. De ynstelling krijt op 't heden safolle telefoantsjes dat der wachttiden binne fan somtiden wol 20 oant 30 minuten. Dat kin gefolgen hawwe foar minsken dy't fuortendaliks help nedich hawwe.
De drokte ûntstiet omdat húsartsen fjouwer dagen achterelkoar ticht binne. Mei de krystdagen wie it ek al drok. Dêr kamen sneon noch mear telefoantsjes by. De Dokterswacht ropt minsken dy't gjin driuwende problemen hawwe op moandei te beljen mei de húsarts.