Hotelkeamer yn beamhutte yn Ljouwert

27 des 2014 - 13:51

Oan de Sudergrêftswâl yn Ljouwert is de fundearring foar in beamhutte ophongen. De hutte sels sil dêrop pleatst wurde. De hotelbeamhutte is betocht en makke troch Techno Train yn Dokkum. It is de bedoeling dat er der in pear jier hingje sil. De fergunning is lykwols noch net regele.

As it goed is, kinne de earste gasten yn febrewaris of maart oernachtsje yn de beam. Wat de hoteloernachting yn de beamhutte krekt kostje moat, wit de inisjatyfnimmer noch net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)