Monasch kritysk oer rol De Friesland by Sionsberg

27 des 2014 - 12:20

Soarchfersekerders bringe it bestean fan lytse sikehuzen lykas De Sionsberg yn Dokkum yn gefaar. Dat fynt PvdA-Twadde-Keamerlid Jacques Monasch fan Snits. De fersekerders wolle dat sikehuzen harren spesjalisearje en easkje in minimumtal behannelings. Lytse sikehuzen krije it dêrtroch per definysje dreech, sa seit Monasch yn it programma Buro de Vries, dat snein útstjoerd wurdt.

Monasch fynt it apart dat De Sionsberg yn 2008 ta bêste sikehûs útroppen waard troch it blêd Elsevier en dat it no 'ferknald' wêze soe troch in pear spesjalisten.

Monasch seit dat der no krekt goede, jonge spesjalisten yn De Sionsberg wurkje, dy't ree binne om harren foar it sikehûs yn te setten. Buro de Vries sjoch snein tusken tolven en ienen mei Twadde-Keamerleden werom op it ôfrûne jier. Dat binne njonken Monasch ek Aukje de Vries fan de VVD, Sander de Rouwe fan it CDA en Magda Berndsen fan D66.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)