Hitsum krijt doarpshôf foar fruitbeammen

Hitsum krijt in hôf dêr't doarpsbewenners in apel-, parre- of prommebeam yn krije kinne. Se meie de fruchten plukke, moar moatte de beam ek ûnderhâlde. Der moat bygelyks snoeid wurde. It giet om 26 beammen fan âlde rassen dy geskikt binne foar de klaai. De beammen wurde takom maitiid plante.
It idee foar in doarpshôf bestiet al langer as tsien jier. It stikje grûn by it doarp wurdt mei jild fan de gemeente, doarpsbelang en fûnsen ynrjochte. De heechstammige beammen wurde yn groepkes byinoar plante, sadat it sicht op it fjild bestean bliuwt.