Kopstjit foar man by parkearde auto yn Drachten

27 des 2014 - 10:59

De plysje hat tongersdeitemoarn in ynwenner fan Drachten oanhâlden, neidat er in buertgenoat mishannele hie. De 51-jierrige man joech de 60-jierrige Drachtster in stjit mei de holle, doe't dy by syn parkearde auto oan de Schoven stie.

De plysje tinkt dat de rûzje dy't de twa al langere tiid mei-elkoar hawwe, de oanlieding is foar de mishanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)