Befeiliger trappearret kabeldief yn Ljouwert
In befeiliger is freedtenacht op it Hagedoornplein yn Ljouwert in 45-jierrige Ljouwerter oer it mad kaam by it stellen fan kabels. De man waard sjoen op kamerabylden fan it befeiligingsbedriuw. Hy koe dêrnei nei in koarte achterfolging oanhâlden en oerdroegen wurde oan de plysje. By syn arrestaasje hie de man in tas mei kabels by him.