Jildautomaten net byfold fanwege aksjes Brink's

27 des 2014 - 10:30

Ek yn Fryslân kin it de kommende dagen dreech wurde om oan kontant jild te kommen. Meiwurkers fan jildtransporteur Brink's binne begûn mei in protestaksje en no wurde de jildautomaten net byfold. De meiwurkers fan Brink's wolle in goed sosjaal plan ôftwinge foar de seishûndert minsken dy't harren baan ferlieze. De santich wurknimmers fan Brinks yn Drachten dogge ek oan de aksje mei.

De grutste klant Rabobank fan jildtransporteur Brink's hat it kontrakt opsein en docht it jildtransport tenei sels.

De fakbûnen fine dat de Rabobank de minsken fan Brink's in baan by it nije jildtransportbedriuw oanbiede moat. It transport fan jild fan en nei winkels giet sneon wol gewoan troch. Fakbûnsbestjoerder Jan Kampherbeek fan it CNV wol noch net spekulearje oer mooglik swierdere aksjes. Hy wol nei it wykein besjen wat it resultaat fan de aksje is.

Letter waard bekend dat by de automaat op winkelplein De Sintrale yn Ljouwert sneontemiddei gjin jild mear te krijen wie, nei alle gedachten omdat er leech is. Ferskate minsken besochten dêr om 'e nocht jild te heljen.

Trefwurden: 
jildautomaat Brink's
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)