Minder ynbraken as ferline jier mei de krystdagen

27 des 2014 - 09:58

Der is dizze krystdagen yn Fryslân minder ynbrutsen as ferline jier. Dat seit de plysje Noard-Nederlân. Yn 2013 wienen der hast fjirtich ynbraken of waard der besocht yn te brekken. Dit jier wie dat de helte. Neffens de plysje komt dat troch har aksje om minsken derop te wizen dat se harren hûs bewenne lykje litte moatte, as se der net binne. Net oeral slagge dat. Yn Wolvegea bygelyks waard by trije huzen ynbrutsen yn deselde strjitte. Op oare plakken hie it wol effekt, ûnder oare omdat buorlju fanelkoar wisten dat se der net wienen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)