Winterwaar komt deroan; warskôging foar ferkear

26 des 2014 - 13:50

De snie komt deroan, al bliuwt it neffens waarman Piet Paulusma yn it noarden foarearst droech. It súdeasten fan Nederlân kin sneon in pak snie ferwachtsje fan sa'n tsien sintimeter. mei kâns op sniejacht. Yn it westen en midden fan it lân reint it, folge troch wiete snie.

Freed is it yn it noarden op guon plakken glêd mei kâns op tichte mist. Snie, glêdens en min sicht soargje foar oerlêst foar it ferkear. Ek yn gebieten dêr't it noch droech bliuwt, kin it glêd wurde troch froast.

Troch de snie sakket de nachttemperatuer nei min 10 of 15. Op de lange termyn liket it winterwaar net oan te hâlden.

Trefwurden: 
glêdens winterwaar snie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)