Tsûnamy nei tsien jier noch goed yn it ûnthâld

26 des 2014 - 12:16

Tsien jier nei de grutte ramp wurdt yn Ie noch alle dagen tocht oan de tsûnamy yn Súdeast-Azië. By de ramp op twadde krystdei yn 2004 kamen hûnderttûzenen minsken om it libben en waard fan miljoenen minsken hûs en hiem fuortspield.

De bruorren Jan en Jochum Leystra en skoansoan Sujan Singarajah út Ie giene tsien jier lyn nei it rampgebiet ta om te helpen. Mei in buske fol guod setten se goed in wike nei de ramp ôf nei Sry Lanka. Wat se dêr oantroffen hat sa'n grutte yndruk op har makke, dat se der faak oer prate.

Mei help fan de lokale befolking hawwe se in soad dwaan kinnen, lykas guod útdield en opliedingen regele foar weesbern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)