Bestjoerder 45-kilometer auto slim ferwûne by Burchwert

26 des 2014 - 09:23

By in ûngelok op de Westergoawei by Burchwert rekke in 21-jierrige frou út Súdwest-Fryslân tongersdeitenacht slim ferwûne. It slachtoffer siet yn in 45-kilometer-auto en botste mei in auto, dy't bestjoerd waard troch in 21-jierrige frou út Wolvegea. De plysje tinkt dat it slachtoffer by it oerstekken fan de krusing fan de Himerterleane en de Westergoawei gjin foarrang jûn hat. Sy is is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht. Har passazjier kaam mei de skrik frij. De ynsittenden fan de auto út Wolvegea kamen sels út de auto.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)