Balstjurrige Wolvegeaster moat rybewiis ynleverje

25 des 2014 - 12:10

In 38-jierrige automobilist út Wolvegea is woansdei it rydbewiis kwytrekke omdat er wegere in bloedproef te ûndergean. De man stie midden op de dyk yn Aldetrine en besocht syn auto te starten, doe't de plysje him oantrof. De man makke in ôfwêzige yndruk op de plysjes. Hy woe net út 'e auto weikomme en is der doe mei ferset úthelle.

De bestjoerder is oanhâlden en nei it plysjeburo brocht. Dêr woe er net meiwurkje oan in bloedproef. Dêrop is syn rydbewiis ynnaam en proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
rydbewiis Wolvegea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)