Johannes blaast mei krystferskes Dedzjum wekker
Yn Dedzjum is it in echte tradysje wurden: op krystmoarn om healwei sânen giet Johannes Hazenberg de strjitte op om krystferskes te blazen. Seis jier ferlyn, doe't er syn trompet krekt hie, stelde syn mem it foar en no is krysttiid gjin krysttiid mear sûnder de ferskes op de betide moarn.