Fries Museum hoecht liening 1 miljoen net werom te beteljen

It Fries Museum hoecht in liening fan in dik miljoen euro net mear werom te beteljen oan it Verzetsmuseum Fryslân. Dêroer binne beide partijen it iens wurden. It Fries Museum hie it jild eins ek net. De skinking hat wol in priis.
Der is ôfpraat dat der tsien jier lang personiel, spesjaal foar it fersetsmuseum, yn tsjinst bliuwt. It Verzetsmuseum is festige yn it Fries Museum. Boppedat is garandearre dat der yn 2020 in nije eksposysje fan it fersetsmuseum ynrjochte wurdt, dy't oant 2025 te sjen is.
It Fries Museum en it fersetsmuseum sieten earst al by elkoar yn de Kanselarij oan de Turfmarkt yn Ljouwert foardat alles ferhuze nei it Wilhelminaplein. De Kanselarij is fan stifting de Kanselarij en is eins net te ferkeapjen. Dêrom wurdt it aanst ferhierd oan in tal ûnderwiisynstellings.
Troch de skinking fan it fersetsmuseum oan it Fries Museum, hat it Fries Museum no de hannen frij om in bedrach fan ien miljoen dat sy útliend hienen oan de Kanselarij te skinken oan dyselde Kanselarij. Dy kin it gebou no dus skuldefrij ferhiere.