SC Hearrenfean boekt ferlies fan 4,2 miljoen oer 2013-2014

SC Hearrenfean hat it ôfrûne seizoen in nettoferlies fan 4,2 miljoen euro boekt. Dat docht bliken út it jierferslach fan de klup. De kosten wienen te heech en de ynkomsten te leech. Dit komt benammen troch in te djoer stadion en it weromrinnen fan it tal sponsors en besikers.
De omset fan de klup rûn mei 2 miljoen werom nei 21,3 miljoen. It ferlies kaam net ûnferwachts, seit foarsitter Jelko van der Wiel. Dêrom wurdt der al langere tiid hurd wurke om mear sponsors en publyk binnen te heljen. Ek wurdt der besparre op lean- en oare kosten.
Foarsitter Van der Wiel seit dat der yn it nije seizoen op 'e nij swarte sifers skreaun wurde. It doel is om in oare finansjele basis ûnder de klup te lizzen, dy't los stiet fan de ynkomsten út de ferkeap fan spilers.