Stroomsteuring yn Nij Beets en De Feanhoop
Húshâldens yn Nij Beets en De Feanhoop sitte op dit stuit sûnder stroom. Oan de Kanaalsdyk op De Feanhoop waard by wurksumheden fan minsken út it doarp in kabel rekke, wêrtroch't de stroom der ôf gong. Netwerkbehearder Liander is drok dwaande mei de reparaasje en hopet dat de steuring foar 16.30 oere wer ferholpen is.