Piet Paulusma: "Kans op wintersk waar yn Fryslân nimt ta"

24 des 2014 - 15:51

De kâns op winterwaar nimt de kommende dagen ta. Dat foarseit waarman Piet Paulusma. Yn East-Europa wurdt it kâlder en ek yn it noardeasten fan Europa is der kjeld. Dy kjeld komt aanst ek nei Fryslân ta.

Tongersdeinacht is der kâns op in pear winterske buien mei snie en hagel. Temperatueren om it friespunt hinne en kâns op glêdens. Op twadde krystdei falt der hagel en wiete snie. Freedtenacht binne der temperatueren om it friespunt hinne. Sneon en snein giet it kwik omleech. Sneontenacht temperatueren tusken de 0 en min 2.

En sneintenacht min 3 of min 4 mei in sniebui. Begjin takom wike is der kâns op lichte oant matige froast. En dat mei bêst as wintersk waar beskôge wurde, stelt Piet Paulusma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)