Reade tried: Wat wie it sportmomint fan 2014?

29 des 2014 - 05:59

Dat is de fraach hjoed yn de Reade Tried. It Olympysk goud fan Jorrit Bergsma of ien fan de oare Nederlanners? Of Jan Smeekens dy't tòcht dat er Olympysk kampioen wie? De prestaasjes fan fuotbalklup Cambuur? It tredde plak op it WK fuotbal? Of mear spesifyk... De kopbal fan Van Persie tsjin Spanje op datselde WK fuotbal? Of sjitte jo oare mominten yn it sin? Dan wolle we dy graach witte.

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Reade tried
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)