Goede besetting yn Fryske fakânsjeparken en hotels

24 des 2014 - 14:53

Fakânsjeparken en hotels yn Fryslân hawwe it drok. De besetting is mei de krystdagen en âld en nij tige bêst, sawol yn de provinsje as op de Waadeilannen. Benammen de djoerdere fakânsjehuzen sitte fol. Fakânsjegongers kieze bewust foar lúkse. En se fine it boppedat moai as der wat ekstra aktiviteiten organissearre wurde, lykas kuiertochten, in iisbaan op it park of krystdiners.

Trefwurden: 
fakânsjeparken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)