Oantal ôffearten fan en nei Flylân ferfalle troch minne waar

Fearboat fan Doeksen © ANP
Rederij Doeksen skrast tongersdei -op earste krystdei- in oantal tsjinsten fan en nei Flylân yn ferbân mei de waarfoarsizzings. It giet om de folgjende sneltsjinsten:
Skylge – Flylân 09:00 oere
Flylân – Harns 09:40 oere
Harns – Flylân 10:40 oere
Flylân – Skylge 11:25 oere
Op de folgjende tiden fart in feartsjinst:
Flylân – Harns 07:00 oere
Harns – Flylân 09:00 oere