Bysûnder Ru-skaaltsje tentoansteld yn museum Princessehof

24 des 2014 - 12:15

Hiel hoeden is woansdeitemoarn it djoere Ru-skaaltsje fan keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert út it depot helle om de kommende krystperioade tentoansteld te wurden. It skaaltsje fan tige seldsum Ru-keramyk is miljoenen euro's wurdich.

Sûnder it te witten hie it Ljouwerter museum al jierrenlang in ynternasjonaal topstik yn 'e kolleksje. Pas begjin dizze moanne waard bekend hoe bysûnder as it grienblauwe skaaltsje eins is. Fan Ru-keramyk binne oer de hiele wrâld mar inkele tsientallen stikken bekend.

De ûntdekking fan it skaaltsje soarge foar safolle reaksjes, dat it museum no besletten hat om it al earder oan it publyk sjen te litten. Dat soe eins pas letter yn 2015. It is foarearst te sjen fan 26 desimber oant en mei 4 jannewaris. Fan 2016 ôf sil it yn de fernijde presintaasje fan it museum wer in belangrike rol spylje. Op de earste dei dat it te sjen foar wie foar it grutte publyk kaam net in soad ekstra publyk, mar guon kamen wol spesjaal foar it bakje nei it museum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)