Dei foar krysttiid is it topdrokte by supermerken

24 des 2014 - 10:48

De dei foar krysttiid is it topdrokte by de supermerken. Minsken wolle alles yn hûs ha foar beide krystdagen. De measte supermerken binne sûnt woansdeitemoarn betiid al iepen oant begjin fan de jûn. De grutte pyk wurdt oan de ein fan de moarn oant healwei de middei ferwachte.

Twadde krystdei binne in soad supermerken ek alwer iepen. Yn totaal 200 supermerken yn Nederlân dogge de doarren ek iepen op earste krystdei, lykas de Albert Heijn oan it Antoniusplein yn Snits. De supermerken ferwachtsje lanlik dit jier in omset fan 760 miljoen euro.

Dat soe ien persint mear wêze yn fergelyk mei foarich jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)