Kurator fan Autogroep Siton hat goeie hoop op trochstart

De kurator fan de fallite Autogroep Siton sil besykje om binnen twa wiken in trochstart te meitsjen. It garaazjebedriuw mei 58 wurknimmers hat fêstigings yn Drachten, Bûtenpost en op It Hearrenfean. Der is in skuld fan 1,5 miljoen euro by de bank en de autoferkeapen giene min.
Der is in oernamekandidaat, mar hokker fêstigings fan de Siton Groep oernaam wurde kinne en hoefolle wurknimmers oerbliuwe, moat noch bepraat wurde. Wol is dúdlik dat it yn lytsere foarm trochgean sil.