Rekôr: Twatûzenste poppe fan dit jier berne yn MCL

23 des 2014 - 19:13

Yn it sikehûs yn Ljouwert is tiisdei de twatûzenste poppe fan dit jier berne. Foar it MCL is dit in rekôr. Poppe Fenna de Haan is mei de keizersneed berne. Fenna en har âlden meitsje it goed. Heit en mem Mieke en Marcel de Haan fan Menaam ha fan it sikehûs de felisitaasjes krigen mei blommen en in sulveren rinkelbel.

Njonken de befallingen op medyske yndikaasje, komt it rekôr tal berten yn it sikehûs troch it groeiende tal polyklinyske befallingen.

Trefwurden: 
sikehûs MCL poppe Berte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)