Mear brommers en snorfytsen ferkocht yn 2014

23 des 2014 - 18:59

Der binne yn 2014 in stik mear snorfytsen en brommers ferkocht as yn 2013. Dat docht bliken út sifers fan de Bovag. It tal ferkochte bromfytsen is lanlik mei goed tolve persint tanaam. Fan de snorfytsen gie de ferkeap mei goed twa persint omheech. Wim Schaafsma, fan Schaafsma Tweewielers yn Dronryp, seit dat it ek by him in goed jier wie kwa ferkeap.

De taname yn de ferkeap fan brom- en snorfytsen komt neffens Schaafsma troch it moaie waar, it goedkeape ûnderhâld en omdat minsken sa files ûntrinne kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)