Krystferhaal útbylde yn Pelikaantsjerke Ljouwert

23 des 2014 - 18:11

Hoe siet it ek al wer mei it krystferhaal? It antwurd wie tiisdeitemiddei yn wurd en byld te belibjen by de saneamde 'Kerstverhaaltocht' yn de Ljouwerter Pelikaantsjerke. Der koe troch de tsjerke kuiere wurde. Underweis waard dan it ferhaal ferteld en útbylde.

Ek woansdeitemiddei binne minsken noch wolkom op op dizze wize yn de kunde te kommen mei it krystferhaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)