Hynder mishannele yn Burgum

Yn Burgum is nei alle gedachten in hynder mishannele. De eigener hat hjirfan oanjefte dien en de bistedokter hat it hynder ûndersocht. It bist hie ferwûnings by it geslacht. Neffens de eigener wiene der meardere stekwûnen te sjen. De plysje wol dit net befêstigje.
It is net dúdlik oft de mishanneling troch deselde dieder of dieders dien is, dy't al in skoft aktyf binne yn it Noarden fan it lân. De ôfrûne tiid is de hynstewrâld teistere troch in grut tal hynstemishannelingen. De plysje nimt de saak yn Burgum heech op.