Oranjekoekeboek Tryntsje Nauta falt yn de smaak

It oranjekoekeboek fan fotograaf Tryntsje Nauta is in grut súkses. Nei in tv-reportaazje yn 'e lanlike media giet it rap mei de ferkeap. Yn it boek steane hast 200 foto's fan oranjekoeken fan ferskate Fryske en Nederlânske bakkers.
Nauta krige foarige wike it earste boek útrikt op har eksposyje yn Den Haach. De fotograaf begrypt net wêrom't de oranjekoeke net sa bekend is yn Nederlân, sa't de Limboarchske flaai dat bygelyks wol is. Mei it boek hopet se it Fryske produkt lanlik op 'e kaart te setten.
Mei it boek freget Nauta boppedat oandacht foar it ambachtlike berop fan bakkers yn Fryslân. No binne der noch 93 ambachtlike Fryske bakkers dy't de oranjekoeken bakke, mar dat oantal rint hurd werom. It ferskaat oan koeken wurdt dêrtroch ek minder. Mei dit boek wol Nauta in stikje bakkersskiednis neilitte.