Jorrit Bergsma makket debút op NK allround

Jorrit Bergsma sil dit wykein syn debút meitsje op it NK allround yn Thialf. It wurdt it earste allroundtoernoai foar de Olympysk kampioen op de 10 kilometer. Bergsma hat as doel om him op it NK te pleatsen foar de 10 kilometer by de WK ôfstannen yn febrewaris, ek op it iis fan Thialf.
De lange ôfstânsspesjalist hopet in bettere rider te wurden troch ek de koarte ôfstannen te riden. Wol bliuwt syn fokus op de lange ôfstannen en as it der is it natoeriis.