Plysje rôlet himpkwekerij oan de Johan Winklerwei op
De plysje hat oan de Johan Winklerwei yn Ljouwert in himpkwekerij oprôle. Yn twa romten yn in wenning stienen rom 380 planten. Dy binne mei de apparatuer yn beslach naam en ferneatige.
De stroom foar de kwekerij waard yllegaal ôftape. De plysje hat noch nimmen oanhâlde kinnen.