Publike gebouwen tagonkliker foar hendikepte minsken

23 des 2014 - 11:55

Hendikepte minsken moatte tenei by gebouwen mei in publike funksje altyd troch de haadyngong nei binnen kinne. Dat skriuwt minister Stef Blok fan Wonen yn in oanpassing fan it boubeslút. Alle nij te bouwen stadions, bioskopen, bibleteken en sa fierder, moatte hjir oan foldwaan.

Hinke Kleiker-Wolters fan de wurgroep Tagonklikheid Eaststellingwerf is bliid mei dizze oanpassing. "Miskien wurde wurkgroepen sa as dy fan ús yn de takomst sels oerstallich. Eins stribje we dêr nei", liet se witte.

It boubeslút is op mear punten oanpast. Sa meie studentewennings tenei soberder en dus goedkeaper boud wurde. Ek krije partikulieren mear frijheden yn it ûntwerp fan harren eigen hûs.

Trefwurden: 
Stef Blok hendikep boubeslút
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)