Frjentsjerteradiel dielt fjoerwurkbrillen út

23 des 2014 - 11:34

De gemeente Frjentsjerteradiel dielt tiisdeitemiddei fergees fjoerwurkbrillen út. Mei-inoar jout de gemeente 750 brillen fuort op it gemeentehûs. Dizze brillen moatte foarkomme dat minsken eachletsel oprinne by it ôfstekken fan fjoerwurk.

It giet lykwols net allinnich om minksen dy't fjoerwurk ôfstekke. Yn de helte fan de gefallen reitsje omstanners ferwûne as it misgiet. De measte ûngelokken mei fjoerwurk hawwe eachletsel as gefolch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)