Ynbrekker út Feanwâlden op 'e died betrape
In 30-jierrige man út Feanwâlden is moandeitejûn betrape by in ynbraak oan de Thaladyk yn Aldtsjerk. De bewenners trappearren de man en koenen him sels oanhâlde. De plysje hat de ynbrekker dêrnei ophelle.
Tsjin de man út Feanwâlden waard in proses-ferbaal opmakke.