Plysje warskôget foar ynbraken mei de krystdagen

23 des 2014 - 10:37

De plysje warskôget op sosjale media manmachtich foar ynbraken mei de krystdagen. Ynbrekkers profitearje fan it feit dat in soad minsken de feestdagen by famylje trochbringe. It tal ynbraken is mei de krystdagen dan ek twa kear sa heech as gewoanwei.

It 'hichtepunt' op dizze dagen leit tusken fiif en njoggen oere jûns. De plysje advisearret dêrom de doarren goed op slot te dwaan. Ek advisearret de plysje om wat ljochten oan te litten, de radio oan te dwaan en glêzen op tafel te setten, sadat it hûs bewenne liket.

Trefwurden: 
ynbraken krystdagen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)