Provinsje kapt beammen lâns de N381 by Easterwâlde

23 des 2014 - 10:01

De provinsje set nei de krystfakânsje útein mei de beammekap lâns de N381 by Easterwâlde. Yn trije wiken tiid wurde der beammen kapt tusken de krúspunten Nanningawei en Venekoten. It grien moat plak meitsje foar de bredere provinsjale dyk. Op dit trajekt komme ûnder oare twa tunnels.

As de dyk klear is, ein 2015, wurde der wer nije beammen byplante.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)