"Ferstjerren Joe Cocker grutte klap"
Sjonger Joe Cocker sil bot mist wurde. Dat seit Bauke Algera út Snits. Hy helle de Britske sjonger yn 1988 nei it Feanhoopfestival en hat dêrnei tsien jier lang mei him gearwurke.
Cocker is moandei op 70-jierrige leeftiid ferstoarn. De sjonger waard bekend mei hits as Unchain my heart, You are so beautiful en With a little help from my friends.