Tal loaze brânmeldings moat omleech

It tal loaze brânmeldings moat yn it nije jier mei 20 prosint werombrocht wurde. Dat is it doel fan brânwacht Fryslân. De brânwacht moast dit jier 900 kear om 'e nocht yn aksje komme foar in brân dy't der net wie. It gie yn mar 5 prosint fan de automatyske meldings om in echte brân.
Yn 2013 wie it noch slimmer. Doe kaam de brânwacht 950 kear om 'e nocht yn aksje. De oarsaak is faaks ferkearde brânmeldapparatuer of in mankemint oan de melder. De brânwacht praat nei eltse fergese útruk mei de eigener fan de brânmelder en dat docht fertuten.
Eltse aksje kostet jild en boppedat wurde der risiko's rûn. Dêrom giet de brânwacht troch mei it oansprekken fan de eigeners op de loaze meldings.