Flylân produsearret measte ôffal

Op Flylân wurdt fierwei it measte ôffal produsearre. It giet om 24,4 kilo ôffal per persoan eltse wike. Dat meldt it CBS, it Sintraal Buro foar de Statistyk. It hege sifer wurdt mei feroarsake troch de toeristen, dy't nei it eilân komme.
It CBS skriuwt dat de ôffalproduksje yn 2013 leger wie as it jier dêrfoar. It giet lanlik om 9,5 kilo ôffal dat eltse wike oan de dyk setten wurdt. Dat wie in heale kilo minder as yn 2012.