Fûgelikkers moatte rôffûgels werom nei Waadgebiet lûke

22 des 2014 - 13:37

Fûgelbeskerming Nederlân is drok yn petear mei it Waadfûns om in proef fan de grûn te krijen, dy't der foar soargje moat dat twa rôffûgelsoarten weromkomme yn it Waadgebiet. Ea brieden der oeral op de Waadeilannen blauwe hoanskrobbers en fjildûlen, mar dat is net mear sa. Dat komt om't der net genôch fretten is, lykas jonge kninen en mûzen.

Dêrom is it konsept foar in proef mei fûgelikkers betocht. It giet dan om ikkers dêr't ôfwikseljend klaver, nôt en luzerne yn stroken groeit. Dizze ikkers moatte struktureel foar mear fretten soargje.

Hoefolle der fan dit soart fûgelikkers nedich binne om de rôffûgels werom te krijen nei it Waadgebiet, moat troch dizze proef dúdlik wurde. De fûgelikkers moatte yn it hiele Waadgebiet oanlein wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)