Jieroersjoch 2014: de nijstop 10 fan juny

25 des 2014 - 07:30

Wy sjogge werom op it belangrykste, aardichste en opfallendste nijs fan 2014. Oant en mei 31 desimber pleatse wy alle dagen in Top 10 fan in moanne, makke op basis fan meast lêzen berjochten op omropfryslan.nl en de apps. Op dizze earste krystdei it nijs fan de moanne juny.

1. Wyld-west nei plofkreak op Jouster pinautomaat

Wyld-west-taferielen nei in plofkreak op De Jouwer. Midden yn de nacht wurdt dêr in pinautomaat opblaasd. De plysje is der gau by en betrape de dieders, dy't útnaaie en in plysjeauto ramme. De plysje sjit noch op de plofkreakers. Dêrnei wurdt in wiere klopjacht iepene.

2. Icedôme yn Almere komt der dochs net

Yn juny wurdt definityf in streep setten troch de bou fan Icedôme yn Almere. De KNSB en NOC*NSF sizze de gearwurking op, de finânsjes binne net op tiid rûn. De nij te bouwen iishal wie troch de KNSB oanwiisd as topsportlokaasje ten koste fan Thialf op It Hearrenfean.

3. Ljouwerter frou mei geweld om it libben brocht

Yn in wenning oan de Frederik Ruyschstrjitte yn Ljouwert wurdt in deade frou fûn. It giet om de 38-jierrige bewenster Miranda Olivier. It blykt dat se mei geweld om it libben brocht is. De plysje pakt fuortendaliks in 45-jierrige man op, dy't ek yn de wenning is. Hy moat yn jannewaris foar de rjochter ferskine.

4. Syktocht nei fermiste maresjesee

In grutte syktocht nei de 36-jierrige Sicco Cuperus, in maresjesee út Ljouwert. Der wurdt ûnder oare socht yn Marrum by it âlde suvelfabryk, dêr't syn auto weromfûn waard. De man wurdt sûnt it pinksterwykein fermist. Oant no ta is der noch hieltyd gjin spoar fan him.

5. Motorklup No Surrender soarget foar opskuor

In grutte groep motorriders soarget op pinkstermoandei foar opskuor yn Ljouwert. De motorklup No Surrender sammelet him op it parkearterrein fan de Welkoop foar in toertocht. De winkel docht de doarren fuortdaliks op slot. Mar neffens de klup wiene der ôfspraken makke.

6. Bart Helmholt makket op ien nei fierste sprong

By de nasjonale kompetysjewedstriid fierljeppen yn Burgum makket Bart Helmholt de op ien nei fierste sprong út de histoarje. Hy wint mei in formidabele sprong fan 21.27 meter. It betsjut ek in nij skânsrekôr. Letter yn it seizoen ljept Helmholt noch folle fierder. Yn Linschoten set er yn july in nij Nederlânsk- en Frysk rekôr del fan 21.55 meter. By it Frysk kampioenskip yn augustus yn Winsum wurdt er kampioen mei 21.42 meter.

7. Man komt om ûnder trekker

In dramatysk ûngelok yn Nij Beets. Dêr komt in 32-jierrige man om it libben as er helpt in ko út de sleat te helpen. It slachtoffer stiet neist de trekker en jout oanwizings, mar komt ûnder de trekker telâne as dy fuortsakket en yn de sleat glidet.

8. Grut alarm by brân yn Ljouwerter binnenstêd

Grut alarm yn Ljouwert as der brân útbrekt boppe in restaurant yn de binnenstêd. Der wurdt fuortendaliks grut opskaald, omdat it gebou yn tichte bebouwing stiet. Fanwege de reek wurde omwenners fia in NL-alert oproppen om de doarren en ruten ticht te hâlden.

9. Scherjon makket froulike klomp

Klompmakker Scherjon út Noardburgum hat spesjaal foar froulju in nije klomp ûntwikkele. De ûnderkant is lykas in gewoane klomp, mar de boppekant is iepen en hat trije learkes oer it krop. Jilles Scherjon is de betinker fan de moderne learkeklomp.

10. Grinzer sinneboat baarnt út foar de start

In grutte domper foar ien fan de dielnimmers oan de Dong Energy Solar Challenge, de race foar boaten op sinne-enezjy troch Fryslân en Grinslân. Noch foar de start fljocht ien fan de boaten yn brân. Der bliuwt neat fan de boat oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)