Harnzer oppakt op fertinking fan meardere ynbraken
In 23-jierrige ynwenner fan Harns is moandeitemoarn oppakt op fertinking fan ynbraak. De man wurdt fertocht fan mei-inoar 17 ynbraken yn Harns, Frjentsjer, Boalsert en Snits. Dy fûnen de ôfrûne twa jier plak.
De plysje ûndersiket oft der noch mear minsken belutsen binne by de ynbraken.